Nieuws no image

Gepubliceerd op 11 december 2011 | door Redactie

0

2&2 spilet yn jannewaris ‘It siet yn ‘e Loft

De skriuwer Marc Camoletti hat mei dit stik in fermelding krigen yn it Guinness Book of Records. It stik waard 19!! jier lang yn 58 lannen brocht en wol yn 18 ferskillende talen. Al mei al in klassiker dy’t net foar neat sa lang al spilet. Mei Doede Schilstra as nije regisseur binne de spilers yn septimber begûn mei de repetysjes.
In koarte ynhâld fan it stik:
Frijgeselle rokkejager Paul wennet tegearre mei syn húshâldster Marianne en hat in relaasje mei trije stewardessen. Troch harren ferskillende fleanskema’s binne de trije dames net fan elkoars bestean op’ e hichte.
De komst fan in nije Boeing liket Paul syn perfekt útwurke ‘stewardessebesykplan’ troch elkoar te smiten. Mar earst komt in âlde freon, Robert, op besite. Wylst dizze útfanhûs komt, is it in kommen en gean fan de trije stewardessen, dy’ harren dizze kear, troch alderhande komplikaasjes, net oan it fleanskema hâlde. Mei in ûnferwacht ein…

Op 17 desimber komme wy by jim lâns mei kaarten yn de foarferkeap!!

De útfieringen sille wêze op freed 13 en sneon 14 jannewaris yn De Twa Gemeenten. Kaarten binne foar freed yn de foarferkeap: € 4, oan de seal € 6
foar sneon yn de foarferkeap: €8, oan de seal €10, nei de tiid muzyk fan ‘Dûbeldyk’!

Spilers:
Marianne: Tjitske Hofstra
Peggy: Baukje Niemarkt
Claire: Natasha Bendien
Helga: Ekelien Steensma
Paul: Jeep Schreuder
Robert: Theo Terra

Wat ús aksje oanbelanget:
Wy komme meastal om dizze tiid lâns mei kryst- en oare kaarten. Us plan is om dit it oare jier yn maaie te dwaan.




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen