Nieuws no image

Gepubliceerd op 26 april 2005 | door Redactie

0

4 en 5 mei: herdenken en vieren

De volgende tekst komt van de site van de gemeente Boarnsterhim.

“4 en 5 maaie is foar ús allegear in oantrún om aktyf dwaande te wêzen mei it behâlden fan de frijheid en dizze yn lykweardigens mei oaren de dielen. De deadebetinking en it fieren fan de befrijing binne dêrmei nasjonale mominten foar de ynwenners fan ús lân om harren ûnderlinge bân tebefestigjen.

Op 4 maaie steane wy stil by dyjinge dy’t leed ûndergongen hat en dy’t fallen is foar syn of har idealen yn de tiid fan de Twadde Wrâldkriich. By de Nasjonale Betinking betinke wy al dyjingen dy’t omkommen binne yn ‘e oarloch, yn oarlochssitewaasjes en by fredesmissys. Yn ús gemeente wurde op 4 maaie de slachtoffers betocht mei trije betinkings.

Yn Akkrum is om 19.15 oere in stille tocht fan de Griene Eker (Akkrum east) nei it Heechein. Boargemaster mefrou P. Schadd-de Boer en wethâlder mefrou K. van den Berg-Wiersma binne hjir oanwêzich.

Yn Grou wurde om 19.20 oere by it monument oan ‘e Stationsweg (by it Riedhûs) blommen lein. Dêrnei is der in stille tocht nei it tsjerkhôf. Om 20.00 oere is der in betinkingsgearkomste yn ‘e St. Pitertsjerke. Hjir sille oan meiwurkje : skriuwster mefrou Tiny Mulder, it Mingd Koar fan Grou en bern fan de iepenbiere basisskoalle. Wethâlder mefrou J. Bouma-van den Brink sil hjir oanwêzich wêze.

Yn Raerd begjint tsjin 20.00 oere de byienkomst op it plein fan it eardere gemeentehûs. Wethâlder de hear H. Jonkers sil hjir oanwêzich wêze.

Wy freegje oan alle ynwenners fan de gemeente om op 4 maaie de flagge healstok te hingjen, sûnder wimpel, fan 18.00 oere ôf oant de sinne ûndergiet.

De Nasjonale Fiering fan de Befrijing op 5 maaie is de gelegenheid om frijheid te fieren en der by stil te stean dat wy frijheid net allinnich foar ússels hawwe wolle, mar foar alle minsken op dizze wrâld.

Op 5 maaie meie jo flagje tusken it opkommen en it ûndergean fan de sinne. De flagge yn top, sûnder wimpel.”




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen