Dorpshuis no image

Gepubliceerd op 15 juni 2013 | door Redactie

0

60 plus

It bestjoer fan MFC “It Kattehûs” wol by genôch belangstelling op in fêste dei SOOS foar 60+ hâlde. Om te witten te kommen of der genôch belangstelling foar is, ropt se belangstellenden op om op tiisdei 9 july 10:00 oere nei “It Kattehûs” te kommen om oer de opset te praten.
Mochten jo op dy dei net kinne dan kinne jo ek tillefoanysk 0566-602110 of via de e-mail sakejanse@online.nl oan Sake Janse trochjaan dat jo belangstelling ha en wat jo ideeën binne.

Foar ynformaasje alfêst it folgjende:
Der hoeft gjin bestjoer te kommen. De organisaasje leit by it bestjoer fan “It Kattehûs”. Wol soe it moai wêze as der ûnder de belangstellenden in pear frijwilligers wêze soene foar bartsjinst by de SOOS. Elke 60+’er is frij om te kommen, der is gjin lidmaatschip
De bydrage per kear is € 1,-
De SOOS sil hâlden wurde yn de Molehiemseal

Bestjoer MFC Jirnsum “It Kattehûs”




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑