Allegear plannen!
Boardefol plannen, dêr’t de oanwêzige leden harren goedkar foar jûn hawwe.
Wêr is men mei dwaande? De ynrjochting fan nije bouplannen, lykas plan Bangma, om dêr ek in kuierpaadsje del te lizze te kinnen, itselde jildt foar de oanpak fan de Wijde Steech oant en mei it nije bouplan achter it Tsjerkhôf, om ek dêr grien en paadsjes te lizzen. Fansels yn oerlis mei de gemeente.
De fierder planning fan de lokaasje dêr’t de beide skoallen oer in jier as wat bouwe kinne, mei dêrby in nije sporthal en miskien oare funksjes yn/om dit gebou.
Dat dêrfoar (in grut part fan) Dekemahiem sloopt wurde moat, hâldt yn dat der ek sjoen wurde moat hoe’t hjirfoar wer wat oars yn it plak komt.
Pleatslik Belang sil tegearre mei Welkom oergean ta in ‘woningbouwanalyse’: wêr hawwe Jirnsumers ferlet fan, op wengebiet. Sa kin yn kaart brocht wurde oft der saneamde ‘levensloopbestendige’ wenten komme moatte.
Op rekreatyf gebiet spilet der ek in soad. Yn it provinsjale plan ‘Oude Paden – Nieuwe Wegen’ ûndersiket de wurkgroep toerisme & rekreaasje oft der âlde kuierpaden op ‘e nij iepensteld wurde kinne. Moai soe it wêze as der mei in oersetsje de oare kant fan de Boarn yn kontakt komme koe mei de paden dy’t troch en om Jirnsum rinne.
It bestjoer fan it Japikspaed hat foarsteld om yn Jirnsum in monumint te pleatsen. Dat soe bestean út in bouwurk fan âlde tsjerkemoppen, troch in broer fan Yge Damsma sammele (en ek bekend fan de Friezentsjerke yn Rome). It plak dêrfoar is Jirnsum om’t it Japikspaed hjir splitst wurdt yn in noard- en súdrûte.
In farrûte mei in nij oan te lizzen slúske, wêrtroch’t sloepen en kano’s in trochgeande farrûte krije fan Grou nei de Lege Geaen. En fansels noch altiten de lestige kwestje fan it ferheegjen fan de Sylsbrêge. Undersocht wurdt noch oft dat op in oar plak kin, mei in nij stik rûnwei, wêrtroch’t de ferkearsfeiligens better liket en it stik Jirnsum dat no oan de noardkant fan de rûnwei leit, by it doarp belutsen wurdt.
As klapper wol men besjen oft it eardere kleaster Aalsum in markearingspunt te jaan. Soe soks kinne krekt as men by Bears dien hat? Je witte mar noait.
Oan it entûsjasme fan de wurkgroepleden sil it net lizze. Mar… de wurkgroepen en foaral it bestjoer fan Pleatslik Belang ha benammen ferlet fan oanfolling, fan mear minsken dy’t de plannen om Jirnsum op de kaart te hâlden en te setten, ek hurd meitsje kinne.
Spitigernôch wienen der op de fergadering net nije bestjoerders te finen.
Wa’t mear witte wol, kin kontakt opnimme mei de sekretaris – en tagelyk ek wiernimmend foarsitter – fan it bestjoer fan PB, Renée Ruiten, op tel.: (0566) 602529