B’him: twa miljoen foar sport
Dat komt út it ûndersyk dat de gemeente útfiere litten hat nei it achterstallich ûnderhâld fan ‘e sportfoarsjennings. De útkomsten fan it ûndersyk fernuverje de gemeente net. Yn 2007 waard al rûsd dat der 1,7 miljoen euro nedich wie om alles wer kreas te krijen. It kolleezje sil no in ûnderhâldsplan opstelle.
Dit ûnderhâldsplan sil ynkoarten oan de ried foarlein wurde.