Bydrage foar MFC fan Rabobank
Mei dizze € 2500,= hat MFC Jirnsum al mear as € 25.000,= binnenhelle. Hoewol’t dit noch mar de helte is fan de € 50.000,= dy’t nedich is, sil de kommende wike mei de earste wurksumheden úteinsetten wurde, want nei de grutte fakânzje moat it wer klear wêze foar de berneopfang.