Nieuws DSC 0238

Gepubliceerd op 29 september 2014 | door Redactie

0

Camping ‘De Bongerd’ hâld op te bestean.

Doe’t ik ôfrûne april hearde dat de ophâlde soe te bestean, woe ik der al in stikje oer skriuwe. It is der net fan kaam. Oan’t no ta. Hja binne beide wer sûn, fertelden se mij.
De maitiid foarbij, de simmer foarbij en de hjerst dy komt: it wurdt tiid om yn’e kunde te kommen en foar in útwreide petear oer appels, parren en kampinggasten.
De Bongerd is een mini camping mei 15 plakken. Neffens de SVR (Stichting Vrije Recreatie) is dit it maximale tastiene oantal te ferhieren plakken op in eigen stik grûn. Dit eigen stik grûn leit rjocht efter de wente fan de familie Damstra. Mannichien fan jim sille sizze:”Ja, dat witte we wol”. Ik wist dat ek wol, mar ik wie der noch nea west.. Ferskate kearen bin ik der wol lâns draaft en ik koe faak wol sjen dat it der wol drok wie, mar in goed byld hie ik der net fan.

Op in hjerstige tiisdei te jûn wurd ik wolkom neamd en beslute we fourtendaliks te kamping oer te strunen foar in pear foto’s; it wie noch ljocht. Yt fertelt my oer de waskhokken, de hinnen, de beammen en de guozzen. We rinne fan foar nei efter en alle plaknammen wurde opneamd. Allegearre mei elektriciteit en in lampe. Wer ik earst tocht dat it yn’e hjerst wat treasteleas wêze soe, falt it my alles mei. De beammen hingje fol fruit en it gers is moai koart. De fallen appels en parren lizze kreas oanharke ûnder de beam. Soarchfâldich doch ik myn bêst om in moaie foto te meitsjen fan it gehiel, mar de iene appelbeam makket it plaatsje noch moaier dan de oare.
We rinne lâns bijenkasten, appelbeammen mei Goudreinetten,  parrebeammen mei stoofparren en komme sa bei Wopke, de pony. Wopke hâldt it gers koart op it lêste stik hôf hielendal efteroan. Om’t it hjir om in camping op in appel/parrehôf giet  en net “in pear fruitbeammen op in camping” is it lêste stik hôf sa bleaun sa as it wie. En mei de meanmachine der wat tuskentroch, is neat wurdich. En doe is Wopke derbei kaam. Yn’e winter stiet er op stal.

DSC 0238

We dogge in lytse stap troch in hek en in grutte stap nei in oar part fan’e wrâld. Ik rûk cider en rotte appels. De sinne makket him klear om fuort te sakjen yn it lân en de bijen zoeme ús om’e holle. Dit is Frankryk yn Jirnsum!
It rûntsje is dien en Yt lit my noch efkes de waskromte sjen. As de doar iepengiet, rûk ik se al; tal fan kisten fol mei appels. Dizze appels hawwe Nico en Yt sels plukt. Genôch foar de hiele winter. De rest litte se hingje, spitichernôch komt it der net mear fan om alles te plukken, sa as se jierrenlang wol dien hawwe. Wat no net mear plukt wurd, falt op’e grûn en wurdt opfretten troch de fûgels. Takom maitiid is alles fuort; skjin op.

By de koffie komt nei foaren dat de sûnens net de iennige reden is fan it sluten fan de camping. It ûnderhald waard ek te dreech. As earste fansels de meanerij, derbij oan it ein fan it seizoen de plukkerij. “Foarhinne lei der net in appel mear op’e grûn”, seit Nico,”alles waard plukt”. It measte waard ferkocht, fuortjûn as sels opiten. Der hat sels in skofke in winkeltsje yn Ljouwert west dy’t de biologische appels fan de Bongerd yn’e hannel hie. Doe’t de priis trije kear oer de kop gie, binne se der mei stoppe. Dat fûnen se fierstente gek.
Tsjintwurdich wolle de minsken de appels net mear sa bot hawwe. Misskien wol té goedkeap, tinkt Nico. Dan fertrouwe se it net mear. Boppedat, it is te maklik om yn’e winkel in pûde mei appels mei te nimmen, foar in pear sinten. Boppedat, de beammen binne no sa heech en âld dat it hast te gefaarlik is om se mei in ljedder te plukken..

En dan noch it snoeien fan de beammen. Al sa’n grut karwei. De measte beammen binne fan 1915 en wurde fansels ek heger en âlder. Der komt bij dat it snoeien fan fruitbeammen tige wichtich is foar de fruitopbringst. In sekeur wurkje. Allinnich hast net te dwaan en útbestede is fierstente djoer. Derom waarden noch wol ris túnbou studinten optrommele foar de hege snoeiwurksumheden. Yt sierde in panne mei snert en dan waard it ek noch in geselliche dei mei in protte takkeboel oer de camping, dat dan wol. Dat wie dan ek wer in protte wurk om op te romjen..DSC 0239

Mar hoe is it dan sa ûnstien, de camping, want hja komme beide net út Jirnsum, hear ik wol. Nico trappearje ik op in stêdse tongfal en Yt is wol tíge geef frysk. Ljouwert en Achlum, docht al snel bliken. Doe’t hja mei syn fjouweren (twa bern) yn Ljouwert wennen ha se in advertinsje yn’e krante setten dat hja op syk wienen nei in hûs mei in protte grûn. De foariche eigner wie in fytsmakker.
Se hienen al ris de tip krigen om in camping te begjinnen en op in ‘huis en tuin’ beurs hawwe se bij in SVR stand de papieren oanfrege. Fergunnings regele en ‘De Bongerd’ wie berne. Koart dernei ek nûmmer fiif fan de famylje. Om’t de bern ‘It Paradyske’ net in moaie namme foar de camping fûnen,  is foar ‘De Bongerd’ keazen; in synoniem foar boomgaard.

Dit is no 27 jier lyn. Sân-en-tweintich jier lang hawwe Nico en Yt neist harren ‘gewoane’ wurk yn de gehandicaptensoarch (Nico) en it basisûnderwiis (Yt) oare, meastentiids frjemde, minsken it nei de sin makke op harren fakânsje. Altyd moast der ien fan beide thús wêze om de saak te regeljen en nea koenen se sels fier fuort mei fakânsje.
Ûnderwilens binne kampinggasten kunde wurden en is fan alles de revue passeart. Ferskate anekdotes wurde opleppele as wie it juster en oan de hân fan in fotoboek wurdt ferteld oer de ambulance midden yn’e nacht, brutsen ankels, it froutsje dat alle moannen de gouzzen foerde, de feestjes, it moaie waar, it minne waar en sels ûnderrûne kampeerplakken. Oan aksje gjin gebrek; oan diversiteit fan minsken ek net, se kaamen werklik oeral wei. Dútslân, België en sels Tsjechië. Mar dat wie ek wer in ferhaal apart. De tsjechen wiene jongerein op in kamp. Oanfankelik like it net sa min. Oan’t de jûn kaam en se net fan ophâlde wisten! It wie al nei tolven dat hja noch foar op’e dyk oan’t foutbaljen wiene. Dat de oare gasten der ek lest fan hiene, die Nico en Yt besluten dat dat net wer koe;  it hat de lêste kear west dat jongereinkampen op De Bongerd stien ha..
Dat wol net sizze dat bern net  wolkom binne! Sels tocht ik dat de doelgroep de grutte grize massa wie, dy’t allinnich mar fan fytsen en kuierjen hâlde, mar it tsjindiel is wier. Bern binne tige wolkom, mei harren âlden  fansels, en binne ek in protte west. De measte bern kamen mei de fyts efter heit en mem oan: fytsfakânsje. Ut de liken rôlen se dan de camping op om dan mei de hinnen te boartsjen, stjientsjes te sykjen as Wopke te aaien. Fytsfakânsjebern hawwe net folle nedich liket it wol. Alles wat se mei hawwe, moat ommers op’e fyts passe en kompjoeters  binne dat yn elts gefal net. Heechút belleblaas..

DSC 0272
As it petear hast op in ein is, wol ik dochs noch in brânende fraach stelle. As kampeerleafhawwer wol ik graach witte as der ek opfolgers binne foar de camping. Dy binne der net, sizze se    beide, mar as der ien is dy’t in camping runne wol, dan moatte se harren mar melde.
Achterôf docht bliken dat dizze jûn de lêste ‘neisimmerjûn’ fan dit jier wie. Better koe ik it net treffe. Troch omstandichheden giet hjir it boerd út de tún en giet in boek ticht. Faaks wol it moaiste stikje Jirnsum wurdt skiednis. As ik dit sa opskriuw bekrûpt my in gefoel fan spyt. Werom ha ik nea witten fan dit prachtige plakje. In camping mei 15 plakken. As it der mear west wiene, wie it net iens sa moai west, betink ik my. In grut ferlies foar Jirnsum en ironisch genôch witte in protte minsken fan it doarp net heal hoe moai as it hjir wêze kin. Dat is Yt en Nico Damstra harren fertsjinste. Hja hawwe in stikje bûtenlân kreërt yn ús moaie Jirnsum. We sille ôfwachtsje hoe it no fierder gean sil, mar de lêste Fryske heechstamhôfcamping  is der net mear..

De hjerst is no echt begûn. Sa ek de nije ynfulling fan Yt en Nico harren frije tiid. As ik yn’e doar nei de gong stean betankje ik Nico foar it petear en wylst Yt de foardoar iepen docht sis ik nochris dat ik it tige spitich fyn dat de camping der net mear is. “It is net oars”, seit Nico. Hy hat him der al by dellein, tink ik. Yt is leau ik noch net sa fier as Nico. “It moat syn tiid ha”, hat se misskien wol sein doe’t de doar ticht wie.
In strange winter, bygelyks. En dan takom maitiid mar wer sjen..

It is wol in paradyske, hear..!

Siep Hijlkema
Redaksje Jirnsum.com

 

DSC 0253

DSC 0258

DSC 0259

DSC 0261
DSC 0279




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑