Donkere Dagen activiteit?
Men seit ek wol Oer Alles, omdat men alle kanten slaan mei: skean, rjochtút en oerdwers (oer alles). By it ‘gewoane damjen’ as oerhoeks kin allinne skean (oer de hoek) slein wurden.
It Frysk damjen hat trije oare rigels as it ‘gewoane damjen’.
1.Slaan mei skean, rjochtút en oerdwers.
2.In slach mei in daam giet foar in slach mei in hout as skiif as deselsde wearde slein wurde kin. Hjirby is de wearde fan in hout leger as dy fan in daam. Twa skiven ha in gruttere wearde as ien daam.
3. Hat men njonken ien daam ien as mear skiven, dan mei der mar trije kear efter elkoar mei de daam strutsen wurde. Moat der mei de daam slein wurden (ek nei trije streken), dan bejint de teller wer op nij.
In taljochting by dizze rigels. De fjilden fan it damboerd wurde nûmere fan 1 oant en mei 50. Yn ‘e begjinstân stiet swart boppe en de earste rige is fan 1 linksboppe nei 5 rjochtsboppe. De twadde rige 6 oant en mei 10 en sa troch oant de ûnderste rige 46 oant en mei 50. It damboerd moat fansels wol goed lizze: in swart fjild linksûnder.
Tank oan Folkert Groenveld
mear witte? Sjoch: www.friesdammen.nl