Dûnsles yn eigen doarp
By dielname fan minimaal 12 pearen is Adema Dance Center út Ljouwert ree om foar âld en jong dûnslessen yn It Kattehûs te jaan. It tal lessen is 10 en de kosten binne € 85,= per persoan.
De lessen sille hâlden wurde op woansdeitejûns fan 20.00 – 21.00 oere. By foldwaande dielname wurdt der op 18 jannewaris mei de lessen útein setten.
Opjefte leafst per pear – mar dat is net needsaaklik – foar tongersdei 22 desimber by S. Janse, tel. (0566) 602110, e-mail sakejanse@online.nl
Foar mear ynformaasje kinne jo ek terjochte by Adema Dance Center, tel. (058) 213 5799, webside www.ademadancecenter.nl