Efkes werom yn de tiid
Der wurdt wer hurdriden yn Jirnsum lês ik. Myn gedachten geane werom nei om en de by 1945. Loci hie een hurdriderij foar leden. Ik wie doe 8 jier. Us feint, Gerrit Eysinga, stie by de start. Ik wie net sa’n flotte starter. “Do moatst by twa al útein”, sei er.
It wie in goeie tip en ik wûn de earste priis. In medaille dy’t noch boppe myn bêd hinget. Us mem Lieuwkje hie doe de earste priis. It wie een moaie en net te ferjitten tiid. Op dit moment sil gjinien dit ferhaal thúsbringe kinne tink ik. Mocht dit dochs it gefal wêze, dan hear ik dat graach!
De bêste winsken en genietsje fan dizze prachtige winter!
Bouke Hornstra Dieren (Gld)