MFC it Kattehûs

Gepubliceerd op 29 september 2016 | door Redactie

0

Goed en min nijs fan It Kattehûs

MFC It Kattehûs is al een tijd op zoek naar nieuwe vrijwilligers en bestuurleden. Op deze site heeft u herhaaldelijk berichten hierover kunnen lezen. Hieronder bericht van It Kattehûs over de laatste stand van zaken, met nogmaals een dringende oproep:

It giet goed mei it oanlûken fan frijwilligers by “It Kattehûs”. Njoggen froulju hawwe harren oanmeld foar it skjinhâlden. Se binne no mei harren tsienen. Twa froulju en ien man ha harren oanmeld foar gastfrou/hear, sa dat der no 5 gastfrouwen/hearen binne en der is in twadde frijwilliger by kommen foar it grienûnderhâld.
De himmelploech is al drok oant himmeljen west en de nije gastfrouwen/hearen ha elk al in wike tsjinst hân. De túnman kin mei koarten los mei it snoeien fan de strúken.
Op it stuit binne der ek positive ûntwikkelings oangeande it JeugdCentrum, grutte kâns dat it yn jannewaris wer iepen kin, teminsten as it bestjoer fan “It Kattehûs”wer op sterkte komt, want dat bestiet noch mar út twa man.
Lykwols der hat har noch mar ien nij bestjoerslid oanmeld. Der moatte op syn minst twa en leaver noch trije by komme. As der gjin bestjoersleden by komme giet “It Kattehûs” op 1 augustus 2017 ticht.
Dy bestjoersleden sille der gau komme moatte want foar it sluten op 1 augustus 2017 moatte de de hieren en kontrakten foar 1 jannewaris opsein wurde. It bestjoer hat  it draaiboek foar it sluten hast klear.
Jirnsumers meldt jim oan foar it bestjoers fan ‘It Kattehûs” foar dat it te let is !!!
Bestjoer “It Kattehûs”




Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen