Jildstream Kattehûs komt op gong PDF Afdrukken E-mail
woensdag, 06 mei 2009 18:21

Jirnsum - De jildstream foar “It Kattehûs “ komt op mei de € 10.000,- fan it Oranje Fonds goed op  gong. Lang hat de teller, mei € 3.000,=  fan Welkom,
€ 2.000,= fan Pleatslik Belang, € 1000,= fan de snertaksje én bydragen fan it JC en noch in pear sponsors, op € 6.500 stien ...
No sitte we al op € 25.000,-, want neist de € 10.000,- fan it Oranje Fonds ha we € 2.500,- tasein krigen fan de RABO-bank en hat ek arsjitektenburo Zijlstra út Bakhuzen in moai bedrach beskikber steld. Mei de € 500,- út de aksje fan pjutteboartersplak “It Kattekuorke”, in tal sponsors út Jirnsum en in ferwachte opbringst fan € 1000,- fan de nije wike te hâlden lotterij komme we dan op in bedrach fan € 25.000,-.

 

By Plattelânsprojekten fan de provinsje en noch in trijetal fûnsen ha wy noch fersiken foar  bydragen fan yn totaal € 26.000,- lizzen. Wy ferwachtsje hjir minimaal de helte fan it bedrach tasein te krijen. It tekoart, want de kosten binne  € 50.000,- sil troch eigen wurk fan frijwilligers weiwurke wurde moatte. Twadde helte juny sil it wurk los gean.

 

Neist de hjirboppe al neamde sponsors wolle we ek noch efkes de oaren neame. Dit binne:

Café 'De Fantast'
Jachtbouw H. de Vries
J. Keizer Schilderwerken
Klussen- & Timmerbedrijf  D. Rodenburg
Frits Koopcentrum
Administratiekantoor Visser & Hottinga
Jachtbouw F. van Steen
De Galanties
Elzinga B.V
Boekhandel Friso Grou

 

Foar de Lotterij ha prizen beskikber steld:

De Groot Reparatiebedrijf Nij Beets:  de haedpriis
Atelier Oleanders
Jachthaven “De Sneekerhof”
Pedicurepraktijk Anita van Es
Kapsalon Sylvia
Siesoo Haarmode
Vakgarage Hofstra
Abma -Dijkstra Groente- en Fruithandel Tersoal
Attent Supermarkt Jirnsum
Anja Zwanenburg fotografie
Poiesz Supermarkt Grou
Myrica Groenverzorging
Super de Boer Grou
Fixet Grou
Daisyree Bakker Dierenkunst
Poiesz supermarkt Akkrum

 

Dêrom Jirnsumers keapje nije wike rom lotten want de prizen én It Kattehûs binne it wurdich!

 

Hits: 762
Commentaar (0)add comment

Schrijf commentaar

security image
Schrijf de volgende tekens


busy
 

Dorpshuis It Kattehûs

Zoeken