Nieuws DSC 0016 - k

Gepubliceerd op 17 maart 2014 | door Redactie

0

It earste ljipaai fan Jirnsum is fûn

Teake hie frij nommen fan syn wurk om’t hy ljipaaien sykje woe yn’e buert fan Akkrum. Heal wei njoggenen stie der al mei de learzen yn’e drek. Hy hie mei syn heit ôfpraten, die hie ek noch neat fûn. Sy tochten dat se hjir lok ha soenen op dizze lêste moaie maart-dei. Spittich genôch wie dat net sa..

Teake syn heit gie nei Raard, mar Teake gie nei de Tynje. Der wienen in pear stikken lân wêr’t hy net opmocht:’ ferbean’ stiet der dan op in boardsje. Mar in stikje fierder wie der in maïsfjild. Teake seach dat de ljippen ûnrestich wiene, hielendal doe’t der it  lân oproen. Úteinlik wie it nei twa-en-in-heal oere raak! In Twaatsje.
It wienen Teake syn allerearste ljipaaien. Fluch de sms-kes ferstjoere en wachtsje op tastemming. Die kamen al flot en it ‘swarte goud’ gie ûnder de pet.
Rap op hûs oan en belje mei heit en de fûgelwacht fan Jirnsum. It wienen de earsten. Prachtig!

En dan is it tradiesje dat je as earste ljipaaifyner fan Jirnsum in trofee en in oorkonde krye. En ûnder it grutske each fan it foltallige fûgelwachtbestjoer wurd sjoen of’t de aaien net driuwen bliuwe. Dat wie net it gefal.
Snein hat Teake der wer opút west en hat der wer in aai fûn.
Foardat it 1 april is mei Teake der noch tolve fyne, útsein dat it wettelik quotum fan 5700 berikt wurd.

 

DSC 0016 - k

DSC 0019 - k

DSC 0020 - k

DSC 0021 - k

DSC 0023 - k




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen