Jierferslach 2015 MFC “It Kattehûs”
Ferhier sealen
Yn 2015 wiene trije romten fan it MFC yn de fêste ferhier, te witten it pjutteboartersplak oan SISA, it jeugdhonk oan de Stichting Jeugd-centrum en it boppesealtsje oan Plaatselijk Belang foar it doarpsargyf.
De Grutte Seal, Molehiemseal en Lytse seal wiene foar de losse ferhier. Yn 2015 is de Grutte seal foar 40 deidielen ferhierd west. Wichtichste hierders wiene de Vrouwen van Nu ôfd. Jirnsum foar 8 jûnen en ten. fer. De Middelhikke foar har rippetysjes en útfierings foar in 20 jûnen. Oare gebrûkers wiene û.o. Plaatselijk Belang, de RK Radboudskoalle en de gemeente
De Lytse seal is foar 25 deidielen ferhierd west. Se waard brûkt as de Molehiemseal beset wie en troch de meitinkster dy’t dêr de earste tiisdeis yn ‘e moanne har sprekoere hâlde.
De Molehiemseal is foar san 125 moarns-, middeis- of jûnsskoften ferhierd west. Grutte gebrûker wie de SOOS foar 60+’ers mei 50 moarnsskoften. Foar de hier wurdt de SOOS foar in part subsidiearre troch de Stichting Molehiem. Trochinoar binne der in 10-tal diel-nimmers. De lieding is yn hannen fan 5 frijwilligsters. Wichtige gebrûkers wiene ek Plaatselijk Belang foar har bestjoers- en wurkgroep-gearkomsten en de Commissie Handwerken en Textiele Werkvormen fan de Vrouwen van NU Fryslân mei resp. 25 en 20 deidielen. Nije gebrûker wie de EHBO-Vereniging Rauwerd e.o. Fan de Jirnsumer ferienings hat LOCI yn de Molehiemseal har jiergearkomste hâlden en hat de Stichting Molehiem der twa kear fergadere. Fierders ha û.o.twa lânbouorganisaasjes in pear kear foar har gearkomsten gebrûk makke fan de Molehiemseal.
Aktiviteiten
23 jan. is it teaterstik “It jubileum” fan Jan Arendz en Marijke Geartsma yn it MFC opfierd. Der wiene 85 beteljende besikers.
14 en 21 novimber hat De Middelhikke by harren 40 jierrich jubileum yn it MFC op twa jûnen it tenielstik “Suite 719” opfierd. Der binne sa’n 150 besikers west. It wiene útfieringen mei dûnsjen nei. It MFC hat De Middelhikke as jubileumgeskink de musyk op twadde jûn oanbean.
Yn maaie hat it MFC meidien oan de kollekte fan it Oranje Fonds, opbringst € 570,- wêrfan de helte foar it MFC.
13 des. is it MFC foar it earst in lokaasje foar de krystmerk west. Der binne in protte besikers west, mar de opbringst foar it MFC hold net oer.
Bestjoer en frijwilligers
Dit jier is der ôfskie nommen fan Pier v/d Meer as bestjoerslid en Bep Verwijmeren as frijwilligster. Pier hat twa tydrekken, fan 2001– 2008 en fan 2012 – 2016 bestjoerslid west, resp. as foarsitter en 2e foarsitter. Bep hat mear as 10 jier it skjinhâlden fan it MFC regele, de ynkeap dien en de lytse kas beheard.
Neist de 5 bestjoersleden wiene der noch 10 frijwillig(st)ers aktyf , 5 as begeliedsters by de SOOS, 2 as gastfrou/hear, 2 as skjinmak(ster)ker, 1 foar de ynkeap en 1 by it ûnderhâld. Der wiene begjin 2015 5 fakatures, 2 foar gastfrou/hear, 1 foar behear en 2 foar skjinmak(ster)ker. Der binne mei it ôfskie fan Pier en Bep 2 by kommen.
We ha der gjin minsken foar fine kind en der ha har ek gjin minsken foar oanmeld. Dizze taken binne fan needs tydlik mar oppakt troch de bestjoersleden en de oare frijwillig(st)ers.
Bestjoer MFC Jirnsum
Jirnsumers wolle jim foarkomme dat
“It Kattehûs”
1 jannewaris 2017 har doarren slute moat?
Dan sille har frijwilligers melde moatte foar
bestjoer en de oare funksjes
Yn it jierferslach ha jim lêze kinnen dat der 7 fakatures binne.
Dit jier komme der noch trije by, 2 foar it bestjoer en 1 foar it skjinmeitsjen.
Frijwilligers kinne har melde by:
S. Janse, till. 602110, email sakejanse@online.nl
S. Boschma, till. 602219, email sybren-nel@kpnmail.nl