MFC it Kattehûs

Gepubliceerd op 26 februari 2017 | door Redactie

0

Jierferslach MFC It Kattehûs

Jierferslach 2016

 Algemien

2016 is in dreech jier west foar it MFC, sawol finansjeel as organisatorysk. Finansjeel fanwege de betellingsefterstân fan SISA by har fallisemint en it sluten fan it jeugdcentrum oan it begjin fan it jier. Organisatorysk omdat it bestjoer al net folslein wie en 1 septimber der twa bestjoersleden mei ophâlden, der noch mar ien gastfrou wie en noch mar twa frijwilligers foar it ûnderhâld en it skjinhâlden. It wurk dat oars troch frijwilligers dien waard moast no troch de bestjoersleden dien wurde. Oproppen en aksjes fan it bestjoer foar bestjoersleden en frijwilligers hiene gjin risseltaat. It bestjoer moast dêrom yn july beslute om 1augustus 2017 it MFC te sluten as der foar 1 jannewaris 2017 net in folslein bestjoer wêze soe en der gjin frijwilligers by kommen soene. Beide ôfgeande bestjoersleden soene as frijwilligers trochgean om it MFC oant dy datum ta draaiende te hâlden. It meitsjen fan it draaiboek foar it sluten wie it bestjoer al mei út ein setten. Under driging fan it sluten en nochris in ekstra ynspanning fan it bestjoer is it dochs slagge genôch bestjoersleden en frijwilligers foar gastfrou/- hear en foar it skjinmeitsjen en ûnderhâld der by te krijen. It lêste bestjoerslid foar de wichtige funksje fan sekretaris healwei desimber.

 Ferhier sealen

Yn 2016 wiene trije romten fan it MFC yn de fêste ferhier, te witten it pjutteboartersplak oant en mei april oan SISA en fanôf juny oan Kids First, it jeugdhonk oan de Stichting Jeugd-centrum en it boppesealtsje oan Plaatselijk Belang foar it doarpsargyf. It jeugdhonk is fanwege oerlêst en net tastiene aktiviteiten op 1 febrewaris troch it JC-bestjoer  sletten.

De Grutte Seal, Molehiemseal en Lytse seal wiene foar de losse ferhier. Yn 2016 is de Grutte seal foar 40 deidielen ferhierd west. Wichtichste hierders wiene de Vrouwen van Nu ôfd. Jirnsum foar 8, it dit jier op-rjochte sjongkoar foar 14 en de gemeente foar 6 deidielen. Oare gebrûkers wiene Plaatselijk Belang, IBS “It Tredde Stee”, en Doarps-wurk. Nij wie de Fûgelwacht Jirnsum mei 2 jûnen. De seal is trije kear ferhierd west foar in famyljefeest en ek twa kear foar in ôfskiedstsjinst by in begraffenis. De Lytse seal is foar 25 deidielen ferhierd west û.o oan it“dorpenteam” foar de meitinkster op de earste tiisdeis yn de moanne en oan wurkgroepkes fan pleatslik belang. De Molehiemseal is foar san 120 moarns-, middeis- of jûnsskoften ferhierd west. Grutte gebrûker wie de SOOS foar 60+’ers mei 50 moarnsskoften. Foar de hier wurdt de SOOS foar in part subsidiearre troch de Stichting Molehiem. Trochinoar binne der in 8-tal diel-nimmers. De lieding is yn hannen fan 5 frijwilligsters. Wichtige gebrûkers wiene ek Plaatselijk Belang foar har gearkomsten en de Com. Handwerken fan de Vrouwen van NU Fryslân foar harren kursussen beide mei in 15 deidielen. Oare gebrûkers foar mear as ien deidiel wiene û.o.de EHBO-Vereniging Rauwerd e.o.en de stichting  Molehiem. Fierders ha.twa lânbouorganisaasjes 6 kear foar har gearkomsten gebrûk makke fan de Molehiemseal.

 Aktiviteiten

Fanwege it gebrek oan frijwilligers en in net folslein bestjoer hat it bestjoer sels mar ien kultuerele aktiviteit, musykteater “Hy en Sy”, nei it MFC helle. Tal beteljende besikers 35. De Krystmerk is al oan mei dien  en oan ien aksje, de kollekte, fan it Oranje Fonds. Dit lêste ek fan-wege de soarchlike finansjele sitewaasje. Opbringst foar it MFC  € 250,-.

 Bestjoer en frijwilligers

Begjin 2016 begûn it MFC mei 4 bestjoersleden, 1 gastfrou, 2 frijwil-ligers foar it ûnderhâld en it skjinhâlden en 5 frijwilligsters by de SOOS. 1 septimber giene der twa bestjoersleden út it stichtingsbestjoer. Se binne tydlik noch troch gien.as frijwilliger. Tusken septimber en janne-waris binne der 4 bestjoersleden, 11 frijwillig(st)ers foar ûnderhâld en skjinmeitsjen en 3 foar gastfrou/-hear bij kommen. It MFC giet 2017 yn mei 6 bestjoersleden, 5 frijwilligsters foar de SOOS en 18 frijwillig(st)ers foar gastfrou/-hear en ûnderhâld en skjinmeitsjen en ien foar stipe fan it bestjoer.

It Bestjoer




Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen