Jinsumers yn trening foar Slachte
Yn trening foar de Slachtemarathon, dy’t op sneon 14 juny dit jier holden wurdt. Fan de 13.000 minsken dy’t meidwaan kinne, binne der 26 Jirnsumers, sa docht bliken nei freegjen by de organisatoaren.
Dizze 26 doarpsgenoaten wienen by de groep dy’t harren op moandei 14 jannewaris ierebetiid opjûn ha en sa wol de kaarten krigen. In soad minsken fisken achter it net omdat de kaarten yn 3 oeren tiid al útferkocht wienen…
De tocht sil fan’t jier starte yn Easterbierrum en eindigje yn Raerd, flakby hûs dus al!