Nieuws

Gepubliceerd op 26 februari 2016 | door Redactie

0

Jirnsumse toulûkers 2e op WK

De Jirnsumers Doeke van der Weide, Engbert van der Weide en Arie van Vliet hawwe mei hun 640 kg toulûkploech fan Deinum-Britsum,  ferline wike tongersdei yn Volendam sulver helle op it WK toulûken foar klupteams.

Der diene 21 teams mei oan it WK foar klupteams yn dizze klasse. De toulûkploech fan Deinum-Britsum , begjin febrewaris noch 3e op de Nederlânske kampioenskippen, like it op it earste gesicht swier te krijen, om’t se yn ‘e pûl lotte wiene mei de regearjend wrâldkampioen, en de nûmers ien en twa fan de ôfrûne Nederlânske Kampioenskippen. Yn ‘e twadde lûk fan de pûl waard nei in swiere striid lykwols wûn fan TTV Lagerweij, de regearjend kampioen fan Nederlân. Dit hat de mannen fan Deinum-Britsum safolle moed jûn, sat se yn ‘e pûl allinich noch fan it Ierske St. Pats ferlearen.

It achttal pleatste him knap as pûlwinner foar de heale finale en mocht sa oantrêdzje tsjin de nûmer twa fan de oare pûl. Dit wy it lyksa Fryske team fan It Heidenskip. It Fryske duel waard mei oertsjoeging yn twa lûken wûn troch de mannen fan Deinum-Britsum.

Yn de finale kaam de ploech nochris tsjinoer it Ierske St. Pats te stean, dat de heale finale ienfâldich fan it Skotske Tinto Farmers wûn hie. Ek yn dit twadde treffen wie de Ierske ploech te sterk foar Deinum-Britsum. Sa waard der op it wrâldkampioenskip een knappe twadde plak út it fjoer sleept. Foar toulûkferiening Deinum-Britsum is dit de bêste prestaasje oait yn it 50 jierrich bestean.




Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen