Nieuws no image

Gepubliceerd op 2 maart 2010 | door Redactie

0

Jûn: Eindebat listlûkers yn Boarnsterhim

Publyk is hjirby fan herte wolkom. De harkers kinne ek tillefoanysk har fragen oan de listlûkers stelle. Under lieding fan de diskusjelieder Eelke Bosma sille Lyda Veldstra (FNP), Gerrie Rozema (GL), Jan Hemminga (GB 2000), Jan Sine Zijlstra (CDA), Roelf v.d. Woude (P v.d. A), Martin Frensel (D’66) en Sietse Bouma (VVD) foar de lêste kear yn de gemeente Boarnsterhim mei elkoar diskusearje oer de foar de gemeente meast wichtige saken. Saken dy’t by de weryndieling tige wichtich wêze sille.

Moarn, op de ferkiezingsdei 3 maart, stjoert De Boarnsterstim fanôf de jûns 21.00 oere alles wat te meitsjen hat mei de útslach fan de ferkiezings streekrjocht út: ynterviews, fraachpetearen en it ôfslutende rûnetafel-petear mei alle 7 listlûkers.

De lokale omrop De Boarnsterstim is te hearren op de 105.6 MhzFM yn de eter, op de 96.1 MhzFM op de kabel en fia de livestream fan www.boarnsterstim.nl

 




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen