MFC it Kattehûs

Gepubliceerd op 1 mei 2016 | door Redactie

0

Kattehûs earste ‘Fairtrade’-doarpshûs fan Ljouwert

It Kattehûs hat op 12 april yn it gemeentehûs it Fairtrade-sertifikaat útrikt krigen troch wethâlder Harry van der Molen. It Kattehûs is it earste doarpshûs/wyksintrum yn de gemeente Leeuwarden mei it Fairtrade-sertifikaat. Fairtrade hâldt yn dat je produkten út ûntwikkelingslannen brûke wêrfoar de produsint, foaral lytse boeren, in earlike priis krije.

It Kattehûs krijt dit sertifikaat omdat sy foldocht oan de betingsten dy’t hearre by de titel Fairtrade Gemeente, wêrmei de gemeente Leeuwarden dwaande is. In betingst is dat in organisaasje foar in tal wichtige produkten fairtrade produkten brûkt. Foar It Kattehûs binne dat kofje, tee en sûker. Sûnt koarten wurdt der dan ek fairtrade kofje en tee skonken.




Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen