Listlûkersdebatten by Lokale Omrop De Boarnsterstim
Op moandei 15 febrewaris sil de studio-diskusje plakfine tusken de listlûkers mefrou Lyda Veldstra fan de FNP, de hearen Sietze Bouma fan de VVD, Martin Frensel fan D’66 en Roelf v.d. Woude fan de PvdA.
In wike letter, op moandei 22 febrewaris, binne mefrou Gerrie Rozema fan Groen Links, de hearen Jan Hemminga fan Gemeente Belangen 2000 en Jan Sine Zijlstra fan it CDA yn de studio oan bar. Dizze útstjoerings begjinne om 20.00 oere en sille oant 21.30 oere duorje.
En op de jûns foar de ferkiezings, op tiisdei 2 maart, sille alle sân listlûkers yn in iepenbier debat de striid mei elkoar oangean. Hjirby is it publyk fan herte wolkom.
Dit debat sil plakfine yn de gearkomste-/kantineromte fan it gemeentehûs en begjint om 20 oere en eindiget 22 oere. Ek sil der dan foar it publyk romte wêze om fragen te stellen. Tillefoanysk kinne der ek fragen yntsjinne wurde.
Op woansdei 3 maart, de jûns fan de ferkiezingsdei, stjoert de lokale omrop ek streekrjocht de gong fan saken rûnom de útslagen fan dizze gemeenterieds-ferkiezings fanút de gearkomste-/kantineromte fan it gemeentehûs út. Dizze útstjoering begjint om 21 oere en duorret oan’t likernôch 24 oere.
As alle útslagen bekind binne, sil in ôfrûnend “rûne-tafelpetear” plakfine mei álle listlûkers.
De lokale omrop “De Boarnsterstim” is te hearren op de 105.6 MhzFM yn de eter, 96.6 MhzFM op de kabel en middels de livestream op www.boarnsterstim.nl