MFC it Kattehûs

Gepubliceerd op 3 maart 2015 | door Redactie

0

MFC Jirnsum “It Kattehûs”: Jierferslach

Voor de Friestaligen onder ons is hier het jaarverslag van het MFC Jirnsum te lezen.

Yn 2014 wiene trije romten fan it MFC yn de fêste ferhier, te witten it pjutteboartersplak oan SISA, it jeugdhonk oan de Stichting Jeugd-centrum en it boppesealtsje oan Plaatselijk Belang foar it doarpsargyf. De Grutte Seal, Molehiemseal en Lytse seal wiene foar de losse ferhier.
Yn 2014 is de Grutte seal foar 45 moans-, middeis- of jûnsskoften ferhierd west. Hierders wiene de gemeente, de Vrouwen van Nu ôfd Jirnsum, ten. fer. De Middelhikke dy’t mei har útfierings en rippe-tysjes hast de helte fan it tal kearen foar har rekken naam, Plaatselijk Belang, de RK Radboudskoalle en Elkien.

De Lytse seal is hast net brûkt. Se waard allinne brûkt as de Mole-hiemseal beset wie en troch de meitinkster dy’t dêr de earste tiisdeis yn ‘e moanne har sprekoere hâlde. Ien kear is de Lytse seal in pear dagen as aula brûkt.

De Molehiemseal is foar san 100 moarns-, middeis- of jûnsskoften ferhierd west. Grutte gebrûker wie de SOOS mei 50 moarnsskoften. Foarhinne wie dit de deibesteging fan Leppehiem. Leppehiem is der fanwege besunigings mei yngong fan 2014 mei ophâlden. It bestjoer fan it MFC hat dit mei subsydzje fan de Stichting Molehiem fuortsette kinnen as SOOS. Trochinoar binne der in 10-tal dielnimmers, de lieding is by de 5 frijwilligsters dy’t de begelieding  ek al by de deibesteging diene.

In wichtige gebrûker fan de Molehiemseal mei in 20 moarns- en middeisskoften wie ek de Commissie Handwerken en Textiele Werk-vormen fan de Vrouwen van Nu Fryslân foar harren kursussen en ek Plaatselijk Belang  mei in 10-tal bestjoersgearkomsten. Fierder hawwe twa politike partijen der in gearkomste hâlden en ha twa families der in jierdeifeest hâlden. Fan de Jirnsumer ferienings hawwe LOCI en IVERTO yn de Molehiemseal harren jiergearkomst hâlden en hat de Stichting Molehiem der ek twa kear fergadere en lânboucoöperaasje “De Lege Midden” hat ek in  kearmannich gebrûk makke fan de Molehiemseal.

17 jan. is yn de Grutte seal “In Lytse Fryske Winterreis”, 12 lieten fan de 24 lieten fan Franz Schuberts wrâldferneamde Winterreise, troch Herman Peenstra en Henk Zwart opfierd. Der wiene 30 beteljende besikers.

Neist de 5 bestjoersleden binne der noch 15 frijwilliger(ster)s aktyf  by It Kattehûs as gastfrou/hear, as helpers by it ûnderhâld,it skjinmeitsjen yn en om it MFC en as begeliedsters by de SOOS.

Neiskrift:
It is net sa gebrûklik dat stiftingen jierfersagen publisearje, mar it bestjoer fan MFC Jirnsum fynt dat it doarpshûs fan en foar it doarp is en dat it doarp witte moat en ek it rjocht hat om te witten hoe it by it doarpshûs rydt en fart.
Op it stuit is it finansjeel jierferslach noch net hielendal klear, dêrom hjir noch gjin oersicht fan de finansjele stân fan saken.

Bestjoer MFC Jirnsum

 

 

 




Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen