Dorpshuis no image

Gepubliceerd op 27 januari 2011 | door Redactie

0

MFC Jirnsum kriget € 500 en siket helpers

It doel is om de grutte seal fan it MFC wat oantreklikker en smûker te meitsjen. De seal hat no in te saaklike utstrieling. Om dat te berikken sille trije muorren in oare kleur krije en komme der 5 hinglampen yn de seal.
Foar dit wurk binne der op beide dagen – freed 18 en sneon 19 maart – minstens 10 frijwilligers nedich. Fiif frijwilligers, te witten twa saakkundigen op it mêd fan ynrjochtingen fan romten, twa elektrisiteitsmannen en in schilder, ha harren al oanmeld. Der moatte foar it skilderwurk no noch minstens 5 minsken by komme dy’t goed mei kwast en rôler omgean kinne.

Dat hoege net perfoast Jirnsumers te wêzen, frijwilligers út oare doarpen binne ek like wolkom! Frijwilligers kinne harren oanmelde by S. Janse, De Slinke 3 yn Jirnsum, till. (0566) 602 110




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen