Nieuws no image

Gepubliceerd op 11 april 2014 | door Redactie

0

MFC “It Kattehûs” freget gastfrouwen en of gasthearen

De gastfrou/hear hat ien kear yn de 4 wiken tsjinst. Trochinoar binne dat fan sept.- april  2 -3 jûnen yn ‘e wike en fan april – sept. heechút ien jûn.
De jûnen wêrop de aktiviteiten meastal plak fine, binne moandeis, tiisdeis, woansdeis en tongersdeis. Freeds, sneons en sneins is der mar inkeld ris in aktiviteit. Sa no en dan binne der oerdei ek aktiviteiten mar as dat net past binne der wol ferfangers(sters).
Foar útfieringen en feesten binne aparte regelingen. Mei it plannen fan fekânsjes hoecht gjin rekken hâlden te wurden mei it wurk foar it MFC.
It wurk bestiet út:
– It kofje en tee setten foar de gearkomsten
– It klear setten fan it kofje- en teeguod
– It ynrjochtsjen fan de seal
– It nei ôfrin fan de gearkomsten opromjen fan de seal, ûnder
  de gearkomsten hoeche jo net oanwêzich te wêzen
– It foar de gearkomsten iepenjen en nei ôfrin fan de gearkomsten ôfslúten fan it gebou en de sealen.

Belangstellenden kinne harren melde by S. Janse, till. 0566-602110, e-mail sakejanse@online.nl




Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen