Muorrekeatsen
‘De Wide Stege’ telt yntusken in 25-tal leden. Op freed is de jeugd aktyf: in ploechje fan 10-13 en in groep fan 14-16 jier.
Wa’t it ris probearje wol kin him/har mar melde yn de sportseal. De kinne noch in pear by. De jeugd fan 17 jier en âlder docht mei by de senioaren dy’t op moandei- en tongersdeitejûns spylje.
De feriening is ûntstien út in lyts groepke muorrekeatsers dy’t alle wiken in oerke trainden yn de sportseal. Troch de taname fan it tal oeren en dielnimmers is besluten de aktiviteiten yn in feriening ûnder te bringen. Omdat de gymseal mar beperkt beskikber is, is de “De Wide Stege” dwaande mei de realisaasje fan in bûtenbaan op sportpark De Bining.
Wa’t mear ynformaasje hawwe wol oer it lidmaatskip kin him/har melde by Bauke Nicolai
(0566-602197). De aktiviteiten fan de club binne te folgjen op www.widestege.hyves.nl