Dorpshuis

Gepubliceerd op 2 januari 2016 | door Redactie

0

Muzykfoarstelling ‘Alles op oarder’ yn It Kattehûs

Op 22 januari is er weer een mooie voorstelling in It Kattehûs. Hieronder leest u waar het over gaat.

Alles op oarder is in muzykfoarstelling fan muzykteatersel- selskip “Hy en Sy” oer de feroarings yn de hjoeddeiske maatschippij en wat dy feroarings mei ús dogge.
Sy dogge dat oan de hân fan it tema “souderopromje”. Op de souder leit fakentiden fiersten te folle âlde rommel. Mar in souder opromje is makliker sein as dien, want foardat jo it witte bringt dat âlde guod jo werom nei it ferline mei grutte kâns dat der folle minder opromme wurdt as it doel wie. Der moat dêrom goed oer neitocht wurde om alles dochs op oarder te krijen.
Mei nije teksten op bekende meldijen en ferhalen oer nostalgy en feroaring bringt “Hy en Sy” dit foar it fuotljocht.
In prachtich moaie foarstelling dy’t jo net misse meie!Meiwurkers:
Hette v/d Wal                  spyljen en sjongen
Greetje Wiersma             spyljen en sjongenMei muzikale begelieding fan:
Bert Ponjee                       gitaar
Jelmer v/d Wal                basgitaar
Piet Commandeur           akkordeon
Klaas de Jong                   slachwurk

Datum:                             freed 22 jan., 20:00 oere
Tagongsprys:                  €13,- ynkl. in bakje kofje/tee
Kaarten:                          by de tagong of te bestellen by S. Janse, 0566-602110, e-mail sakejanse@online.nl




Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen