Nei it ferline werom : Molestrjitte
De Molestrjitte ligt ongeveer in het verlengde van camping Molehiem. En die naam is weer ontleend aan de aldaar in 1877 gebouwde olie- en houtzaagmolen. De redactie zocht en vond heel wat “nijsgjirrige saken” over dit eens zo markante stukje van Jirnsums skyline. Bronnen:
“Ut de Lapekoer” van D.M. van der Meulen – L.C. 9 december 1971
“Fan Terp nei Terprâne” “In brân, dy’t in ramp wie foar Jirnsum, en wûnderlikewize as feest besletten waard“, troch G.H. van der Goot. (Bewerkt in de nieuwe Fryske spelling)
Krantenverslag uit 1915 van de molenbrand.
Midden yn it doarp stie lange jierren de mûne fan Nijdam, troch mannich rimer besongen en troch skilders op it doek brocht. Stichter wie Huite Nijdam; de mûne waard letter dreaun troch syn soan Gooitsen Huites Nijdam. Yn de winter tsjinne er ta oaljemûne en simmers ta houseachmûne. Elke ôfdieling hie syn eigen masterfeint. Om se te ûnderskieden makke de folksmûle der fan: Piter oalje en Piter hout.

Op dy lette jûn, doe’t de measte Jirnsumers al dwaande wiene om de earste sliep te krijen, waard men opskrikt troch in eangstoanjeiende stim yn de buorren, dy’t rôp: “De mûne stiet yn brân!” It wie de stim fan Sieds Koopmans en ek fan Willem Niemarkt, dy’t de minsken op de hichte brochten fan de brân.En der wie dan dat machtige skouspul fan de brânende mûne mei de noch draaiende wjukken. En doe’t it earste fet oalje mei in machtige knal de loft yngong, wie alle sliep fuort, theedrinkerijen (gemoedlikheit fan froeger) waarden ôfbrutsen en alle Jirnsumers fleagen nei dit enoarme fjoerwurk. Mar de neistlizzers wiene yn “angst en vreze”, want harren huzen wiene yn gefaar. De totaal fersleine Gooitsen Nijdam gong nei Roel Bijlsma en sei: “Roel, Roel, dit is wat, hoe is dit sa kommen?” en Roel Bijlsma sei: “Ik wit it net Nijdam, sa pas wie it noch tsjuster en no brânt er!” En fanwege it knallen fan it twadde fet oalje dat de loft yngong koene se elkoar net mear ferstean. Doe’t de knal bedarre wie sei Nijdam “Dêr giet dy skoandere oalje de loft yn”.
De brân helle oan en de omlizzende doarpen rûnen leech; it waard fol yn de buorren. Ynienen kaam der in kolossaal reekgerdyn. In part fan it doarp siet ticht. De minsken seagen elkoar hast net mear en doe’t it fjoer wer troch kaam en de eastewyn wat oanhelle, wie der wer dy helle ferljochting, dy’t fier yn it rûn te sjen wie. Minsken út Boalsert mienden dat de brân yn Snits wie en se giene der hinne en doe’t dêr neat te sjen wie, giene se troch nei Jirnsum. De Jirnsumer soldaten, dy’t mei de mobilisaasje yn Sondel leine, seagen it ek. Se mienden dat it yn Sleat wie, mar mochten fan de commandant net fierder. It reit fan it tek kaam yn it Jirnsumer fjild telâne. Foar de neistlizzers waard de tastân krityk…. De mûne spuide fjoer. De brânspuit mei brânmasters en spuitgasten rukten út en de “belendende percelen” bleaune bewarre. Jaspers, de snider, dy’t tichteby wenne brocht syn 12 bern yn “veiligheid” en de timmerman yn dy dagen, Riemersma, stie mei syn waardepapieren en tekeningen yn de hân en joech dy oan Johannes Faber, dy’t oan it oare ein fan it doarp wenne, en sei: “no binne se bewarre”. Mar de brân sette troch. Doe’t mei in geweldich lawaai de wjukken nei ûnderen klapten fleach Fokke-Bouk mei har jildkistje it hûs út en sei: “no fergiet de wereld” en doe’t efkes letter de swiere izeren as fan boppen kaam, wie de klap noch grutter en de minsken dy’t doe noch yn de doar stiene gongen gau yn ‘e hûs. Mar doe’t it gefaar foarby wie en dermei ek de eangst, waard de stemming fleurich en de Jirnsumer kastleinen (altyd in stik of 5 – 6) diene goede saken. Bij Age Bottema yn de Twee Gemeenten waard der in soarte fan brulloft fan makke en Teade Postma fan Raerd wie seremoanje-master. Bakkers en slachters rekken útferkocht. De roede wie fan it gat; it waard in kompleet feest.Twa ferbrânde fytsen fûn men noch yn de resten fan de mûne en dêr begongen Wietse Hoeben en Wobbe Douma midden yn de nacht op te hurdfytsen, mei frijwat Grouster Beerenburg yn it liif.
Lang, hiel lang is der noch oer de brân fan de mûne neipraat. “Roel, Roel”, hie Gooitsen Hoites Nijdam yn dy nacht sein, “dit is wat”. En sa wie it eigentlik ek, want mei de mûne, dy’t net mear opboud waard, hie Jirnsum in stikje bedriuwichheit ferlern.
Een krantenverslag uit 1915: IRNSUM. Dinsdagavond, circa kwart voor tien werden de inwoners van Jirnsum opgeschrikt door het geroep van brand. Een geweldige rookkolom steeg op uit den olie- en houtzaagmolen van den heer G. Nijdam en spoedig daarna baanden de vlammen zich een uitweg naar buiten. Weldra stond de molen in lichten laaie. De vlammen vonden ruimschoots voedsel in de 70 vaten olie en de 10 à 15 last lijnzaad in den molen aanwezig. De vrij sterke oostelijke wind dreef de vonken door de lucht en bracht de belendende gebouwen in een zeer hachelijke toestand. Inmiddels was de brandspuit aangerukt en kon spoedig water geven. De spuitgasten moesten zich bepalen tot het beveiligen der bedreigde huizen. Tot vier maal toe ontstond er begin van brand en in het blok huizen bewoond door de wed. van Dijk e.a. De E.A. Heer Burgemeester van Rauwerderhem was ook spoedig op de plaats des onheils aanwezig. De gemeente-politie was versterkt met Rijkspolitie en marechaussee. Hoog en hooger laaiden de vlammen op en deden de brand op zeer grooten afstand zichtbaar worden. Van heinde en ver stroomden nieuwsgierigen per fiets of auto toe. Gelukkig slaagde de wakkere brandweer er in de belendende gebouwen voor het gevaar te behoeden en was de tuschenkomst der twee gereedstaande spuiten uit Grouw onnoodig. Gelukkig ja, want waren die gebouwen in brand geraakt, de ramp ware niet te overzien geweest. Ongeveer vijf uur in den morgen was het gevaar geweken en kon de spuit inrukken.
De oorzaak van de brand is onbekend. Tot zeven uur in den avond had men in den molen gewerkt. De molen was in 1877 door den heer Nijdam en diens vader opgericht. Voor eenige jaren was hij vernieuwd en was er ook electrische drijfkracht in aangebracht, zoodat hij door wind en electriciteit beide, gedreven kon worden. Dinsdag had men den ganschen dag met wind gemalen. De molen was verzekerd bij de Onderlinge Brandwaarborgmaatschappij te Wirdum. Olie en zaad bij de Onderlinge Verzekeringsmaatschappij “De Nijverheid” te Leeuwarden.
Alleen de namen van camping Molehiem en de Molestrjitte herinneren ons nog aan een karakteristiek beeld van Jirnsum en een belangrijke economische bedrijvigheid, waaraan ruim 87 jaar geleden op een dramatische manier een einde kwam.