Nieuw bestuur voor MFC It Kattehûs
Het is gelukt om 4 nieuwe bestuursleden te vinden voor MFC It Kattehûs. Daarmee kan het dorpshuis voorlopig blijven bestaan. Ook met het Jeugdcentrum gaat het weer de goede kant op. Hieronder vindt u het meest recente ‘Nijs fan MFC It Kattehûs’.
Nijs fan MFC “It Kattehûs”
It Kattehûs kin foarearst wer foarút. It hat de nedige muoite kostte mar it bestjoer is der yn slagge om 4 nije bestjoersleden te finen.
Nij yn it bestjoer binne Signhild Moerland, Reny Mous, Chantal Riemersma en Grietsje de Vries–v/d Honing. Signhild nimt it ponghâldersskip op har, Chantal it secretariaat, Reny sil de reservearrings dwaan en de gastfrouwen/-hearen oanstjoere en Grietsje sil it regeljen fan aktiviteiten ( teniel, musyk, berneaktiviteiten) op har nimme. Johan Visser is foarsitter en Bartele Kramer regelt it ûnderhâld.
It liket allegearre wol moai mar der binne noch wol wat ûnwisse saken. Sa sil Chantal it earst in healjier besykje om te besjen of it wol te kombinearjen is mei har wurk en de bern en dat jild ek min of mear foar Grietsje. Kin dit net dan sil der wer nije bestjoersleden komme moatte. Fan Reny is it noch net dúdlik wannear’t sy it oernimme kin. Om boppesteande reden bliuwt Sake Janse foarearst de reservearrings noch dwaan en bliuwt it postadres ek noch De Slinke 3.
Mei it JC giet it ek de goeie kant op. It honk is wer hielendal skjin en opknapt en it elektrysk is wer ynoarder brocht en goedkard. Twa kandidaat-bestjoersleden dogge de kursus Sosjale Hygieëne, dit is fereaske, en it bestjoer fan it MFC is mei de gemeente dwaande om om reden fan kostebesparring it MFC en JC op ien fergunning te krijen. Betingst dêrby is dat it bestjoer fan it MFC op grûn fan de fergunning gjin inkelde ferantwurdlikens foar it JC kriget.
Sake Janse