Dorpshuis no image

Gepubliceerd op 14 september 2012 | door Redactie

0

Nijs fan it MFC: Dûnslessen en Kursus Vaarbewijs 1&2

Dûnslessen
De dûnslessen sille jûn wurde troch Adema Dance Center út Ljouwert. It tal lessen is 12, ferdield oer 8 jûnen, en de kosten binne € 90,= per persoan. Jim kinne jim, leafst per pear, opjaan by S. Janse, tel. (0566) 602110, e-mail sakejanse@online.nl of by it dance center (058) 213 5799.
De lessen kinne jûn wurde op sneon- en sneintejûn. Lit ek efkes witte wat foar dûnsen jim foarkar ha: styldûnsjen, salsa, rock ‘n roll. Foar de mooglikheden dy’t der binne sjoch op www.ademadancecenter.nl. De lessen begjinne it earste wykein fan oktober, opjaan foar woansdei 3 okt.
Kursus Vaarbewijs 1 en 2 en Kursus Marifoon
De kursus ‘Klein Vaarbewijs 1 en 2’ en de kursus ‘Marifoon’ wurde fersoarge troch Tienstra Organisatie Nautische Opleidingen uit Hindelopen. Dielname min. 7 persoanen. Ek minsken út omlizzende doarpen binne wolkom. De kursus bestiet út twa dielen, diel 1 en diel 1a, meiinoar foarmje se diel 2. De stof fan diel 1 wurdt behannele op 5 jûnen, dêrnei folgje 5 jûnen fan diel 1a. De dielen kinne ek los fan inoar folge wurde. 
De kosten fan de kursussen binne foar elk diel apart: diel 1 €140,=, diel 1a  €150,= (foar beide dielen byinoar € 210,=).
De kosten foar it lesboek binne € 20,=. De kursus marifoon bestiet út twa lessen. De kosten bedrage € 90,=. It lesboekje kostet € 19,50. Der binne ek fragen en antwurden fan 5 eardere eksamens.

De kursussen kinne hâlden wurde op tiisdei-, woansdei- of tongersdeitejûn fan 19.30 – 21.30. Bij foldwaande dielname is de earste les begjin novimber. Opjefte foar snein 21 oktober by S. Janse, tel. (0566) 602110, e-mail sakejanse@online.nl of by de kursusorganisaasje. Jou by de opjefte ek oan welke jûnen jim kinne. Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte by S. Janse en by de kursusorgani-saasje tel. 0514- 523090, e-mail info@t-o-n.nl, webside www.t-o-n.nl.




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑