Nieuws no image

Gepubliceerd op 22 januari 2008 | door Redactie

0

Oprop oan âld-Jirnsumers

Troch de famylje Dijkstra bin ik benadere foar ynljochtingen. Hja binne mei in famyljeboek dwaande en wenje hjir net mear. It giet om Thomas Dijkstra.

Yn de oarloch hie hy in buorkerijke efteroan de Boarn dêr’t no de boaten binne, efter de pleats dêr’t Maaie de Wolf wenne hat en no ek fuort is.
Thomas Dijkstra hie yn de lêste oarlochswinter fan 1944-1945 3 ûnderdûkers en in Joadsk famke fan 17 jier mei de namme Katy.

De famylje hat my benadere oangeande de ûnderdûkers. Dit moatte 3 jonges út Jirnsum west ha; + jannewaris – febrewaris 1945. Ien fan de jonges wie Tette fan Hindrik Langhout.

Nei oppakt te wêzen yn oktober 1944 is hy letter fanút Delfsyl flechte en by Thomas Dijkstra te lâne kommen, wer noch 2 Jirnsumers jonges wienen. Troch ferrie moasten se hjir wei. Tette is de jûnes healwei 8 mei it Tersoalster Slúske gien wêr’t Bauke Zeilstra doe wenne.
Om 10 oere wie hjir de oerfal fan de Grienen út Grou. Zeilstra en de 7 ûnderdûkers waren swier mishannele, wêrby Tette Langhout mei in gewear de noas stikken slein is en dy yn syn fierdere libben altyd bryk stien hat. Sy ha oan it ein fan de oarloch ta yn Ljouwert gefangen sitten. Tette is letter mei de famylje nei Nijmegen gien, mar is no ferstoarn. Foar safier is dit nei te gean wat Tette oangiet. Fan de oare beide ûnderdûkers is neat mear bekend, wa dit wienen. De famylje woe graach hjiroer noch ynljochtingen en kontakt ha.

Binne der noch âld-Jirnsumers dy’t witte wa’t dit wienen, wêr sy bedarre binne nei de oarloch, nei Kanada gien of hjir bleaun, wer sy by Dijkstra wei hinne gien binne, ûnbekend? It kontakt is ferlern gien.
Is der noch immen dy eat wit of fan oerlevering fan oaren hat. Eltse lytse ynljochting kin fan belang wêze. Tige graach wolle sy dit útsykje. Tige graach berjocht oan my.

By foarút tige tank,

A.A. Schoustra
Tsjerkebuorren 7
9011 VM Jirnsum

Tel. 0566-601277




Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen