Nieuws no image

Gepubliceerd op 7 maart 2012 | door Redactie

0

MFC “It Kattehus” biedt jim oan op freed 30 maart

Bauke van der Woude & Campbell Forbes ‘Swart-Wyt’

bringe in spannend program mei selsmakke lieten yn it Frysk en it Stedsfrysk, faaks fleurich dan wer ûndogensk of de djipte yngeand.
Twa muzykfreonen dy’t harren repertoire mei oertsjûging bringe en it altyd spannend witte te hâlden. Lieten oer Fryslân, de leafde en it libben, werkenber foar de harker en op flotte wize troch Bauke oan elkoar praat.

 

Grif sille sy dizzee kear ek in tal lieten heare litte fan harren nije dûbel-cd ‘Moed en Nocht’. Ferskes dy azemje nei langstme en klinke as fertroud fjoer.
Bauke… Fries… wyt… oarspronklik fan Dokkum, spilet gitaar en sjongt.

Campbell… begelieder op de bas, ek Fries… swart… oarspronklik fan de Bahama’s.  

Tagong fergees
Oanfang: 20.00 oere
Ynrin fanof: 19.30 oere




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen