Nieuws no image

Gepubliceerd op 20 december 2011 | door Redactie

0

Parkeare yn it sintrum

De blauwesône-regel is no net mear op alle dagen fan tapassing mar allinnich mar op sneon. Dit hat hieltyd ek de bedoeling west mar is yn de útfiering by de gemeente yn earsten misgien.
Mei dizze oanpassing komt der wer wat mear romte foar it parkearen yn it sintrum, mar rojaal sil it noait wurde en seker net as de minsken dy’t beskikke oer in eigen parkearromte (garaazje of oprit) harren auto’s op de iepenbiere parkearplakken delsette bliuwe. Hjirtroch moatte bewenners dy’t net in eigen parkearplak by hûs ha de auto fierderop of op in plak delsette dêr’t dat net mei.

As men yn Jirnsum wat rekken meiinoar hâldt, dan kin der foar alle bewenners fan it sintrum in plak foar de auto wêze. 




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑