Nieuws no image

Gepubliceerd op 25 juli 2007 | door Redactie

0

PC kafé

Fjouwer kear: op freed 27 july fan 18.00 oant 19.00 oere, sneon 28 july en snein 29 july fan 11.00 oant 12.00 oere en tiisdeitejûn 31 july fan 18.00 oant 19.00 oere in programma út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer wei. 

Yn it PC Kafee pittige petearen en hilaryske ferhalen mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oare leafhawwers. En stevige kolumns fan Bonne Stienstra, Heinze Bakker, Evert ten Napel en Frits Barend. De muzyk is op ‘e nij fan de band LAYS. Allegear ûnder lieding fan Geert van Tuinen en Ate de Jong.
Publyk kin der by wêze yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer of it programma folgje op de radio. Freed, sneon, snein en tiisdei. Moandei 30 july is Omrop Fryslân Radio by de lotting fan ‘e PC. Dan komt it programma jûns tusken 18.00 en 19.00 oere út de Koornbeurs wei.




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen