PC Kafee komt der oan
Omrop Fryslân iepenet it PC Kafee wer in tal kearen. De útstjoerings binne 4 dagen lang om de tradisjonele Frjentsjerter PC-keatspartij op woansdei 29 july hinne. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oare leafhawwers.
Yn it PC Kafee pittige petearen, hilaryske ferhalen, columns fan û.o. Bonne Stienstra en Rynk Bosma en de primeur fan in nij keatsliet troch Minke Adema.
Live muzyk: Lays – Presintaasje: Geert van Tuinen en Herman Vijlbrief jr. H
arkje (FM 92.2) of kom en praat mei! De kofje stiet klear!
Moandei 27 july ’09 is Omrop Fryslân Radio by de lotting fan ‘e PC. Dan komt it programma jûns tusken 18.00 en 19.00 oere út de Koornbeurs yn Frjentsjer wei.