KV Irnsum no image

Gepubliceerd op 15 november 2003 | door Redactie

0

Tige slagge sealkeatsdei fan u.o. federaasje Mid-Fryslân yn Frentsjer

Mar leafst 140 dielnimmers, ferdield yn acht klassen, hawwe fûleindich striid levere, om ien fan de 22 krânsen en in priis te winnen. Dat de KNKB de federaasje Snits by ús yndield hat, hie in tige geunstige ynfloed, leafst 60 dielnimmers; Mid-Fryslân 75 en Súd-Westhoeke 5 (45+). Moarns om 10.00 oere is útein set mei de jeugd, ferdield yn fiif klassen. Fjouwer klassen binne mei spul gelyk begûn. In goeie set, sa koe de finale op seis earsten útspiele wurde en wiene om 13.00 oere yn alle klassen de winners bekend. De priiswinners út Jirnsum binne:

Pupillen jongens: sân partoeren
1e priis: Arjen v/d Veen en Ayante Reitsma (Rien)

Pupillen famkes: acht partoeren
1e priis: Anita Kant en Ingeborg Bokma (Ljouwert)

Klasse skoaljonges: acht partoeren
1e priis ferliezers: Klaas v/d Burg (Snits e.o.), Peter Kant en Roelof stuiver (Wergea)

Klasse skoalfamkes: fjouwer partoeren
2e priis: Ilona Stoker, Marga Hiemstra (Snits e.o.)en Nienke Schippers (Snits e.o.)

Klasse 45+ manlju: sân partoeren
2e priis: Oeds Broersma (Goëngea), Wieger Boonstra (’t Hearrenfean) en Willem Smits

Koartom, in suksesfolle dei foar de Jirnsummer keatsers!

(Bron: Mid-Frieslander 11-11-03)




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen