Nieuws twaentwa

Gepubliceerd op 6 april 2009 | door Redactie

0

Twa&Twa spilet …

Spilers binne: Jeep Schreuder, Rogier Nugteren, Irma Karsten, Janny Niemarkt, Mariken Oving, Natasha Bendien, Theo Terra, Kees Stavinga, Evert de Jong, Baukje Stavinga.
De regy is wer yn hannen fan Arnold Dijkstra.

 
Ynhâld fan it stik:
De âlden fan Noortje wenje yn in moai en grut hûs mar se ha gjin neil om de kont te klauwen. De saak fan Noortje’s heit Winand is faillyt.
Winand rekket oan’e drank en Noortje har mem Puk siket mear in strukturele oplossing.
Har dochter soe mei Jan-Willem trouwe kinne, syn âlders meitsje mei harren syljacht in wrâldreis en moatte dus wol jild ha. It houlik moat in sukses wurde. Erkan, de klus-Turk is ynhierd om de grutte hal op te knappen, hy sil ek trouwe,  mar hy hat syn breid inkeld op in ûndúdlike foto sjoen. Ek Loet de weddingplanner is ynhierd. Jan-Willem is op it moment suprême smoardronken en der moat dus in oplossing fûn wurde. Erkan nimt it plak yn fan Winand en oarsom. De gefolgen binne minder simpel.
Acelya komt oan (de oansteande breid fan Erkan) en sy ferwachtet dat Winand de heit fan har bern wurdt. Fierder docht bliken dat de âlden fan Jan-Willem ek gjin jild ha, Jan-Willem twivelt oan syn ‘natuer’ en úteinlik giet it houlik fan Noortje en Jan-Willem ek net troch. Mar in oar houlik liket op kommende wei…

Dit jier binne de kaarten ek yn de foarferkeap.
kaarten freed (try-out)  € 4 , jûns oan de seal  € 5,=
kaarten sneon  € 7, jûns oan de seal € 8,=

Allinne sneon is der in ferlotting en live muzyk

 
It bestellen fan kaarten kin ek fia ús NIJE website:  www.twaentwa.com

twaentwa




Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Back to Top ↑
  • Lid worden?

    Steun jirnsum.com en word lid van het Plaatselijk Belang!

    Ja, ik word lid!

  • Aankomende evenementen

  • Nieuws van de verenigingen