Algemien

Yn 1973 is de âlde iepenbiere legere skoalle, boud yn 1877, omboud ta doarpshûs. Nei in yngripende ferbouwing yn 1991 krige it de namme “It Kattehûs” ( ôflaat fan de skelnamme fan de Jirsumers “Jirnsumer katten” ). It doarpshûs rekke in pear jier dêrnei troch meardere oarsaken yn it neigean, wêrtroch sluting yn 2000 ûnûntkomber wie.

Troch ynset fan Plaatselijk Belang” is op grûn fan de positive útslach fan in enkète ûnder de Jirnsumers en harren organisaasjes en ferienings en mei finansjele stipe fan de stifting “Molehiem” in nij bestjoer ree fûn om in trochstart fan it doarpshûs as multi-funksjoneel sintrum mooglik te meitsjen.

Nei in perioade fan fjouwer jier fan tarieding en bou is it MFC Jirnsum yn desimber 2004 feestlik iepene. It gebou is útwreide en fan binnen hielendal sloopt en fernijd.

Yn it MFC hat it pjutteboartersplak “It Kattekuorke” in eigen lokaal en plein. Ek It jongereinsintrum hat harren eigen akkommodaasje mei û.o. bar en in aparte yngong. De Grutte seal mei beweechber poadium is thúshonk fan tenielferiening “De Middelhikke”. Yn de Molehiemseal hat Mienskipssoarch Leppehiem har fêste plak foar de deibesteging foar de âlderen út Jirnsum en yn it boppesealtsje hat it Jirnsumer doarpsargyf ûnderdak fûn.

dorpshuis

Yn de Grutte Seal, de Molehiemseal en de Lytse Seal wurde neist de al neamde aktiviteiten allehanne oare aktiviteiten hâlden sa as fergaderingen, kursussen, jierdeifeesten, teniel-foastellings ensf.

It MFC is mei brede doarren, in wc foar ynvaliden en sûnder drompels hielendal tagonklik makke foar ynvaliden. It MFC beskikt fierders oer 6 eigen parkearplakken foar de gasten

It MFC draait hielendal op frijwilligers, Der binne tusken de 15 en 20 fêste frijwilligers aktyf  foar bestjoer, behear, ûnderhâld, betsjinning en it skjinmeitsjen

It MFC Jirnsum is ûnderbrocht yn in stifting de “Stichting MFC Jirnsum”. De stifting stiet by de “Kamer van Koophandel” ûnder dossiernûmmer 41001472 ynskreaun yn it hannelsregister.

Gegevens:
Adres: Rykswei 180, 9011 VJ Jirnsum.
Till. 0566-601656, bgg. 0566-602110
Postadres: De Slinke 3, 9011 WV Jirnsum

It Jeugdcentrum en it pjutteboartersplak ha in eigen postadres en tillefoannûmmer

Behearder
Janse,  adres: De Slinke 3, 9011 WV, Jirnsum
till.: 0566-602110,  e-mail sakejanse@online.nl

Akkommodaasje
Prizen sealen 2015:
Grutte Seal: € 40,-/deidiel fan 3 oeren. Elke oere ekstra €13,-
Molehiemseal: € 25,-/deidiel fan 3 oeren. Elke oere ekstra € 8,-
Lytse Seal: € 15,-/deidiel fan 3 oeren. Elke oere ekstra € 5,-

Prizen Konsumpsjes:
Kofje, tee en frisdrank: € 1,10
Bier, wyn en oare swak alkoholyske dranken: € 1,60

folder_2-2

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *